[Kde-i18n-fry] Stavering: aspell

Berend Ytsma berendy at gmail.com
Sun Jan 28 00:55:39 CET 2007


In moai inisjatyf, Opera wurket ek mei Aspell dus dêrfoar soe it ek te
brûken wêze

Op Sat, 27 Jan 2007 22:57:24 +0100, hat Eeltje de Vries
<eeltje.de.vries at gmail.com> skreaun:

> Mei Kevin Scannell (sjoch: http://borel.slu.edu/crubadan/index.html) bin  
> ik
> dwaande in staveringshifker te meitsje foar 'aspell'. It wurket al, mar  
> moat
> noch fierder ferbettere wurde. No 't ik dit skriuw binne der suver gjin
> flaters dy 't net sjoen wurde. De staveringshifker sil ek brûkt wurde  
> kinne
> yn OpenOffice.
>
> Der is no in noch wakker lytse list mei wurden ferwurke (goed 18000  
> wurden).
> Kevin hat it besocht mei de wurden yn syn corpus fan Fryske wurden (1, 8
> miljoen) en likernôch  90% fan de wurden wurde akseptearre.
>
> Wy sille no oan 'e gong mei tiidwurden, ferlytsingswurden, meartallen en  
> sa.
> Op http://home.planet.nl/~eeltjevr/frysk.jpg kinne jimme sjen hoe 't it  
> no
> wurket.

Berend Ytsma



-- 
De Opera browser is Frysk en Frij, blêdzje jo al yn it Frysk
http://www.opera.com


More information about the Kde-i18n-fry mailing list