[Kde-i18n-fry] Stavering: aspell

Eeltje de Vries eeltje.de.vries at gmail.com
Sat Jan 27 22:57:24 CET 2007


Mei Kevin Scannell (sjoch: http://borel.slu.edu/crubadan/index.html) bin ik 
dwaande in staveringshifker te meitsje foar 'aspell'. It wurket al, mar moat 
noch fierder ferbettere wurde. No 't ik dit skriuw binne der suver gjin 
flaters dy 't net sjoen wurde. De staveringshifker sil ek brûkt wurde kinne 
yn OpenOffice.

Der is no in noch wakker lytse list mei wurden ferwurke (goed 18000 wurden). 
Kevin hat it besocht mei de wurden yn syn corpus fan Fryske wurden (1, 8 
miljoen) en likernôch  90% fan de wurden wurde akseptearre.

Wy sille no oan 'e gong mei tiidwurden, ferlytsingswurden, meartallen en sa. 
Op http://home.planet.nl/~eeltjevr/frysk.jpg kinne jimme sjen hoe 't it no 
wurket.
-- 
Eeltje de Vries

Home page: http://home.planet.nl/~eeltjevr/


More information about the Kde-i18n-fry mailing list