[Kde-i18n-fry] printsje of ofdrukke

Henno Brandsma hennobrandsma at hetnet.nl
Mon Mar 28 11:26:32 CEST 2005


Op 28-mrt-05 om 11:17 heeft Andries Annema het volgende geschreven:

> Wolle jimme dêrmei sizze dat we foar "printer" ek net mear "ôfdrukker"
> brûke moatte, mar gewoanwei "printer"??
> Nei myn idee is dat TE Ingelsk, dêrom joech ik altyd de foarkar oan
> "ôfdrukker" en dus ek "ôfdrukke".
>
> Neffens jimme stiet "printsje" tichteby it Frysk?
>
>

printsje yn it Frysk is âlder as it Hollânske "printen". Yn it Frysk 
hat it al ieuwen de
betsjutting fan Nl drukken yn 'e technyske sin. In printer is dus in 
"drukker".
Dit is besibbe oan it Nederlânske "prent", en it Frysk hie de lûdwet om 
"en" nei
"in" te feroarjen: fgl. "krint", "sint", esfh. Men seit ek: "hy hat it 
boek printsje litten"
en in printer is dus in "drukker", ek fan boeken en soks.
de oerienkomst mei it Ingelsk is dus feitlik tafallich. Iksels sis nea 
fan "ôfdrukker".
Wêrom net "ôfprinter" of soks, foar it apperaat, om it fan de 
beropsnamme te ûnderskieden?



More information about the Kde-i18n-fry mailing list