[Kde-i18n-fry] Fryske Google

Wim w.benes at gmail.com
Fri Jul 8 10:31:23 CEST 2005


Hallo Henk,

Ik ha de side fan de Fryske Akademy ris besjoen en kom ta de konklusie 
dat der noch in
grut oantal wurden binne die 't diskusjes starte. De side sels kin ek 
wol verbettere wurde html-technysk besjoen.
Neffens my hat Berend goed syn best dien , mar der binne noch wat 
missers yn de weinige teksten fan google;
as't kommentaar hast , kinst dan gelyk net oanjaan welke wurden fout 
binne? Der kinne wy allegear wat fan opstekke.

Noch oars wat: has to miskien nocht om mei te helpen mei de oersetting 
fan Firefox yn it Frysk?
Dyn kollega Hindrik Sijens docht ik al mei.

> Bêste oersetters,
>  
> In pear jier ferlyn haw ik Google yn it Frysk oerset. Sûnt dy tiid ha 
> se by Google net stilsitten en binne der in hiel soad nije funksjes by 
> kaam. Ik seach hjoed dat de teksten dy't dêrby hearre al foar in grut 
> part yn it Frysk oerset binne. Ik freegje my ôf oft jim dêr ek mei 
> anneks binne.
>  
> It is fansels moai dat der in folsleine Frysktalige interface foar 
> Google komt. Allinnich skrok ik nochal fan de kwaliteit fan de 
> Fryske oersetting. De Fryske teksten steane grôtfol mei 
> staveringsflaters, ferkeard brûkte spaasjes, taalflaters, 
> sloarderichheden en nuvere neologismen. Fierder ha de oersetters hiel 
> ûnkonsekwint west - Ingelske begripen wurde dan ris sus, dan wer ris 
> sa oerset. En it slimste: bytiden is de Ingelske tekst gewoan ferkeard 
> begrepen en dêrtroch ferkeard oerset.
>  
> Oersette is in fak. Net elkenien ferstiet dat fak. As der in Fryske 
> Google fan dizze kwaliteit op it net ferskynt, dan is dat beskamsum 
> foar de oersetter, foar Google en foar it Frysk. As jim mei de 
> oersetting anneks binne, soenen jim de hiele tekst dan nochris goed 
> trochsjen wolle? En as jim der net mei anneks binne, dan is it 
> korrizjearjen fan de Fryske Google miskien in aardich nij projekt foar 
> jim?
>  
> Mei freonlike groetnis,
> Henk Wolf

Freonlike groetnis,
Wim
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050708/524a85e9/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list