<!DOCTYPE html PUBLIC "-//W3C//DTD HTML 4.01 Transitional//EN">
<html>
<head>
<meta content="text/html;charset=ISO-8859-1" http-equiv="Content-Type">
<title></title>
</head>
<body bgcolor="#ffffff" text="#000000">
Hallo Henk,<br>
<br>
Ik ha de side fan de Fryske Akademy ris besjoen en kom ta de konklusie
dat der noch in <br>
grut oantal wurden binne die 't diskusjes starte. De side sels kin ek
wol verbettere wurde html-technysk besjoen.<br>
Neffens my hat Berend goed syn best dien , mar der binne noch wat
missers yn de weinige teksten fan google;<br>
as't kommentaar hast , kinst dan gelyk net oanjaan welke wurden fout
binne? Der kinne wy allegear wat fan opstekke.<br>
<br>
Noch oars wat: has to miskien nocht om mei te helpen mei de oersetting
fan Firefox yn it Frysk?<br>
Dyn kollega Hindrik Sijens docht ik al mei.<br>
<blockquote cite="mids2cc136b.091@fryske1.fa.knaw.nl" type="cite">
<meta http-equiv="Content-Type" content="text/html; ">
<meta content="MSHTML 6.00.2800.1491" name="GENERATOR">
<div><font size="2">Bêste oersetters,</font></div>
<div> </div>
<div><font size="2">In pear jier ferlyn haw ik Google yn it Frysk
oerset. Sûnt dy tiid ha se by Google net stilsitten en binne der in
hiel soad nije funksjes by kaam. Ik seach hjoed dat de teksten dy't
dêrby hearre al foar in grut part yn it Frysk oerset binne. Ik freegje
my ôf oft jim dêr ek mei anneks binne.</font></div>
<div> </div>
<div><font size="2">It is fansels moai dat der in folsleine
Frysktalige interface foar Google komt. Allinnich skrok ik nochal fan
de kwaliteit fan de Fryske oersetting. De Fryske teksten steane grôtfol
mei staveringsflaters, ferkeard brûkte spaasjes, taalflaters,
sloarderichheden en nuvere neologismen. Fierder ha de oersetters hiel
ûnkonsekwint west - Ingelske begripen wurde dan ris sus, dan wer ris sa
oerset. En it slimste: bytiden is de Ingelske tekst gewoan ferkeard
begrepen en dêrtroch ferkeard oerset.</font></div>
<div> </div>
<div><font size="2">Oersette is in fak. Net elkenien ferstiet dat
fak. As der in Fryske Google fan dizze kwaliteit op it net ferskynt,
dan is dat beskamsum foar de oersetter, foar Google en foar it Frysk.
As jim mei de oersetting anneks binne, soenen jim de hiele tekst dan
nochris goed trochsjen wolle? En as jim der net mei anneks binne, dan
is it korrizjearjen fan de Fryske Google miskien in aardich nij projekt
foar jim?</font></div>
<div> </div>
<div><font size="2">Mei freonlike groetnis,</font></div>
<div><font size="2">Henk Wolf</font></div>
</blockquote>
Freonlike groetnis,<br>
Wim<br>
</body>
</html>