[Kde-i18n-fry] Fryske Google

Berend Ytsma berendy at gmail.com
Wed Jul 6 17:56:10 CEST 2005


Hallo Henk,

 

Foar de oersetting fan Google moatst by my wêze.

Ik bin sûnt foarich jier dêrmei dwaande.

Ik doch myn bêst om de oersetting sa goed mooglik en flater frij ôf te
leverjen.

Der is ek ien dwaande west dy in protte yn de war skopt hat.

Mar ja sa at ik al sei probearje ik Google sa flaterfrij ôf te leverjen.

 

Mei Freonlike groetnis 

 

Berend Ytsma

 

 

 

 

-----Oorspronkelijk bericht-----
Van: Wolf [mailto:hwolf at fa.knaw.nl] 
Verzonden: woensdag 6 juli 2005 17:22
Aan: kde-i18n-fry at kde.org
Onderwerp: [Kde-i18n-fry] Fryske Google

 

Bêste oersetters,

 

In pear jier ferlyn haw ik Google yn it Frysk oerset. Sûnt dy tiid ha se by
Google net stilsitten en binne der in hiel soad nije funksjes by kaam. Ik
seach hjoed dat de teksten dy't dêrby hearre al foar in grut part yn it
Frysk oerset binne. Ik freegje my ôf oft jim dêr ek mei anneks binne.

 

It is fansels moai dat der in folsleine Frysktalige interface foar Google
komt. Allinnich skrok ik nochal fan de kwaliteit fan de Fryske oersetting.
De Fryske teksten steane grôtfol mei staveringsflaters, ferkeard brûkte
spaasjes, taalflaters, sloarderichheden en nuvere neologismen. Fierder ha de
oersetters hiel ûnkonsekwint west - Ingelske begripen wurde dan ris sus, dan
wer ris sa oerset. En it slimste: bytiden is de Ingelske tekst gewoan
ferkeard begrepen en dêrtroch ferkeard oerset.

 

Oersette is in fak. Net elkenien ferstiet dat fak. As der in Fryske Google
fan dizze kwaliteit op it net ferskynt, dan is dat beskamsum foar de
oersetter, foar Google en foar it Frysk. As jim mei de oersetting anneks
binne, soenen jim de hiele tekst dan nochris goed trochsjen wolle? En as jim
der net mei anneks binne, dan is it korrizjearjen fan de Fryske Google
miskien in aardich nij projekt foar jim?

 

Mei freonlike groetnis,

Henk Wolf

 

-----------------------------------------------------------
Henk Wolf
HYPERLINK "mailto:hwolf at fa.knaw.nl"hwolf at fa.knaw.nl
Fryske Akademy, Postbus 54, NL-8900 AB  Ljouwert
tel. 058-2336918 / 058-2131414, faks 058-2131409


--
No virus found in this incoming message.
Checked by AVG Anti-Virus.
Version: 7.0.323 / Virus Database: 267.8.9/42 - Release Date: 6-7-2005



-- 
No virus found in this outgoing message.
Checked by AVG Anti-Virus.
Version: 7.0.323 / Virus Database: 267.8.9/42 - Release Date: 6-7-2005
 
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050706/2ff016f8/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list