[Kde-i18n-fry] Fryske Google

Wolf hwolf at fa.knaw.nl
Wed Jul 6 17:22:24 CEST 2005


Bêste oersetters,
 
In pear jier ferlyn haw ik Google yn it Frysk oerset. Sûnt dy tiid ha se by Google net stilsitten en binne der in hiel soad nije funksjes by kaam. Ik seach hjoed dat de teksten dy't dêrby hearre al foar in grut part yn it Frysk oerset binne. Ik freegje my ôf oft jim dêr ek mei anneks binne.
 
It is fansels moai dat der in folsleine Frysktalige interface foar Google komt. Allinnich skrok ik nochal fan de kwaliteit fan de Fryske oersetting. De Fryske teksten steane grôtfol mei staveringsflaters, ferkeard brûkte spaasjes, taalflaters, sloarderichheden en nuvere neologismen. Fierder ha de oersetters hiel ûnkonsekwint west - Ingelske begripen wurde dan ris sus, dan wer ris sa oerset. En it slimste: bytiden is de Ingelske tekst gewoan ferkeard begrepen en dêrtroch ferkeard oerset.
 
Oersette is in fak. Net elkenien ferstiet dat fak. As der in Fryske Google fan dizze kwaliteit op it net ferskynt, dan is dat beskamsum foar de oersetter, foar Google en foar it Frysk. As jim mei de oersetting anneks binne, soenen jim de hiele tekst dan nochris goed trochsjen wolle? En as jim der net mei anneks binne, dan is it korrizjearjen fan de Fryske Google miskien in aardich nij projekt foar jim?
 
Mei freonlike groetnis,
Henk Wolf
 
-----------------------------------------------------------
Henk Wolf
hwolf at fa.knaw.nl
Fryske Akademy, Postbus 54, NL-8900 AB  Ljouwert
tel. 058-2336918 / 058-2131414, faks 058-2131409

-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050706/239c08c5/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list