<!DOCTYPE HTML PUBLIC "-//W3C//DTD HTML 4.0 Transitional//EN">
<HTML><HEAD>
<META http-equiv=Content-Type content="text/html; charset=iso-8859-1">
<META content="MSHTML 6.00.2800.1491" name=GENERATOR></HEAD>
<BODY style="MARGIN-TOP: 2px; FONT: 8pt MS Sans Serif; MARGIN-LEFT: 2px">
<DIV><FONT size=2>Bêste oersetters,</FONT></DIV>
<DIV><FONT size=2></FONT> </DIV>
<DIV><FONT size=2>In pear jier ferlyn haw ik Google yn it Frysk
oerset. Sûnt dy tiid ha se by Google net stilsitten en binne der in hiel soad
nije funksjes by kaam. Ik seach hjoed dat de teksten dy't dêrby hearre
al foar in grut part yn it Frysk oerset binne. Ik freegje my ôf oft jim dêr
ek mei anneks binne.</FONT></DIV>
<DIV><FONT size=2></FONT> </DIV>
<DIV><FONT size=2>It is fansels moai dat der in folsleine Frysktalige interface
foar Google komt. Allinnich skrok ik nochal fan de kwaliteit fan de
Fryske oersetting. De Fryske teksten steane grôtfol mei
staveringsflaters, ferkeard brûkte spaasjes, taalflaters,
sloarderichheden en nuvere neologismen. Fierder ha de oersetters hiel
ûnkonsekwint west - Ingelske begripen wurde dan ris sus, dan wer ris sa oerset.
En it slimste: bytiden is de Ingelske tekst gewoan ferkeard begrepen en dêrtroch
ferkeard oerset.</FONT></DIV>
<DIV><FONT size=2></FONT> </DIV>
<DIV><FONT size=2>Oersette is in fak. Net elkenien ferstiet dat fak. As
der in Fryske Google fan dizze kwaliteit op it net ferskynt, dan is dat
beskamsum foar de oersetter, foar Google en foar it Frysk. As jim mei de
oersetting anneks binne, soenen jim de hiele tekst dan nochris goed trochsjen
wolle? En as jim der net mei anneks binne, dan is it korrizjearjen fan de Fryske
Google miskien in aardich nij projekt foar jim?</FONT></DIV>
<DIV><FONT size=2></FONT> </DIV>
<DIV><FONT size=2>Mei freonlike groetnis,</FONT></DIV>
<DIV><FONT size=2>Henk Wolf</FONT></DIV>
<DIV> </DIV>
<DIV><FONT
size=2>-----------------------------------------------------------<BR>Henk
Wolf<BR><A href="mailto:hwolf@fa.knaw.nl">hwolf@fa.knaw.nl</A><BR>Fryske
Akademy, Postbus 54, NL-8900 AB Ljouwert<BR>tel. 058-2336918 /
058-2131414, faks 058-2131409</FONT></DIV></BODY></HTML>