[Kde-i18n-fry] Oantangele wêze mei oersetting

Johannes Peeringa jmpeeringa at hetnet.nl
Thu Feb 24 20:50:52 CET 2005


Eala,
Ik moat in stikje oersette wêr't ek in oar al foar it grutste part oer gear west hat. Je rinne der dan tsjinoan dat je wurden oars oersette soene. Bij it oersetten sjoch ik meast earst yn it wurdboek en dan yn de KDE-wurdlist. Yn it foarste plak giet it om de wurden key en keyboard. Ik set se oer mei toets en toetseboerd. Dizze wurden steane ek yn it wurdboek. Ik sjoch dat ek it wurd kaai keazen wurdt. It wurd kaai foar key en kaaiboerd foar keyboard fyn ik brike oersettingen. It liket wol at de wurden benammen net op it hollânsk lykje meie. It Ingelsk is wol goed.

Der bin ek standerd termen dy't om in oersettings foarkar freegje. Oars wurdt it sa'n fryske griemmank, benammen yn it selde stik.

sticky key = plakkerige toets as kliemske toets 
bounce key = stuitsjende toets as bosterjende toets (myn foarkar is stuitsjende)
confirmation dialog = bekrêftigings dialooch (ha ik sels betocht. Is der wat betters?)
slow key = stadiche toets
checked = It giet oer it 'aanvinken' fan in chechbox (if this option is checked). Sil ik it wurd selektearre brûke.

Wat tinke jim derfan,

Johannes
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050224/d7deeb5a/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list