[Kde-i18n-fry] Ynstellingen vs Ynstellings
Andries Annema
an3s_annema at planet.nl
Sun Mar 27 20:20:46 CEST 2005
Yn de Fryske Taalhelp fan de FA wurdt yndie ek -s neamt FOAR -en.
Wierskynlik binne de beide neislachwurken op ien en deselde boarne
bassearre.. ;-)
At it in dialektferskil is soe bêst kinne: ik kom yndie út it easten
(noard-easten), dus dat soe myn foarkar foar de -s ferklearje kinne.
Sa't Henno it stelt as wie de -s útgong in purisme, liket my in goeie
reden om foar de -s te gean. Fansels yndie yn it algemien foar sok
soarte sitewaasjes.
An3s
-----Original Message-----
From: Henno Brandsma [mailto:hennobrandsma at hetnet.nl]
Sent: zaterdag 26 maart 2005 11:44
To: Rinse de Vries
Cc: kde-i18n-fry at kde.org
Subject: Re: [Kde-i18n-fry] Ynstellingen vs Ynstellings
Op 26-mrt-05 om 11:32 heeft Rinse de Vries het volgende geschreven:
> Op sneon 26 maart 2005 11:10, schreef Henno Brandsma:
>> Beide binne tastien. It is meast in dialektferskil: ynstellings is
>> eastlik, ynstellingen westlik.
>> Út it eachweid fan purisme wurdt faak it s-meartal brûkt. Ik
>> attrapearje mysels der ek faak op, moat ik sizze.
>> My tinkt, men moat der in systeemwide ôfspraak foar meitsje, en
>> tagelyk
>> foar oare -s tsjin -en tsjinstellingen.
>> Wat seit men derfan? Ik haw mei beide gjin problemen.
>
> Volgens Andries zegt het Frysk Wurdboek 'Ynstellings'
>
> Rinse
Neffens myn edysje (1984, printinge út 1989) meie beide: " ynstelling,
mv -s, -en "
De s stiet âl earst, út purisme.
________________________________________
> Kde-i18n-fry mailing list
> Kde-i18n-fry at kde.org
> https://mail.kde.org/mailman/listinfo/kde-i18n-fry
>
>
Mei freonlike groetnis,
Henno Brandsma
_______________________________________________
Kde-i18n-fry mailing list
Kde-i18n-fry at kde.org
https://mail.kde.org/mailman/listinfo/kde-i18n-fry
More information about the Kde-i18n-fry
mailing list