[Kde-i18n-fry] Voorlopige keuze van de termen

Johannes Peeringa jmpeeringa at hetnet.nl
Wed Jan 12 21:52:38 CET 2005


Ynearsten hie ik it net sa op it wurd triem stean. No tink ik dat wij it al brûke moatte. It wurd triem komt yn'e menubalke. Ien dy't ingelske as hollânske programmatuer won is, hat gau troch dat it itselde is as 'file' as 'bestand'. Sels wurkje ik it meast mei programmatuer yn it ingelsk. Ik fernuverje mij dan gauris oer it hollânske wurd as ik it finne kin. It wichtichste is dat it op it selde plak komt as yn oare talen.

groetnis
Johannes

  ----- Original Message ----- 
  From: Andries Annema 
  To: kde-i18n-fry at kde.org 
  Sent: Wednesday, January 12, 2005 21:14
  Subject: RE: [Kde-i18n-fry] Voorlopige keuze van de termen


  Wat is it argumint fan de FA om de foarkar te jaan oan 'bestân' boppe 'triem'? 

  De lêste is dochs dúdlik "gever" Frysk dan de earste opsje.

   

   

  -----Original Message-----
  From: Berend Ytsma [mailto:berendy at bigfoot.com] 
  Sent: woensdag 12 januari 2005 21:00
  To: kde-i18n-fry at kde.org
  Subject: RE: [Kde-i18n-fry] Voorlopige keuze van de termen

   

  It wurd Triem is yn de simmer fan 2004 oan FA foarlein as oersetting fan file.

  Kinne wy de konklúzje lûke dat as it net yn de lêste Programma sit fan FA dat it net akseptearre is

   of is de wei dy wurden gean moatte gewoan te lang om der no al yn te sitten?

   

  Wannear kinst sizze dat iets Geef Frysk is?

   

  Berend



  --
  No virus found in this outgoing message.
  Checked by AVG Anti-Virus.
  Version: 7.0.300 / Virus Database: 265.6.11 - Release Date: 12-1-2005




------------------------------------------------------------------------------


  _______________________________________________
  Kde-i18n-fry mailing list
  Kde-i18n-fry at kde.org
  https://mail.kde.org/mailman/listinfo/kde-i18n-fry
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050112/18022a3e/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list