[Kde-i18n-fry] Wat inconsistenties: welke gebruiken we?
Andries Annema
an3s_annema at planet.nl
Mon Jan 10 19:11:30 CET 2005
'fuortsmite' seit eins 'wegnemen en elders dumpen', wylst 'fuorthelje'
eins net mear seit as 'wegnemen'; by 'fuorthelje' hâlde jo it objekt by
jo. Dus liket my mar ien opsje oer te bliuwen:
'remove' = 'fuortsmite'
Foar 'trash file' liket my 'triem nei jiskefet' in kreaze opsje: de
essinsje fan út it Ingelsk sit der yn.
In 'shred' is neffens it wurdboek in 'snipper', dus dat soe fan 'shred
file' yndie meitsje 'triem fersnipelje'. Mar dêrmei bliuwe der, sa't
Rinse seit, yndie restanten oer. 'Ferneatigje' komt dan dochs tichter
yn'e buert fan wat der mei bedoelt wurdt: 'tot niet maken', 'geheel doen
verdwijnen' (sitaat út'e VanDale).
By wat Berend foarstelt mei 'skrasse' haw ik myn twifels.. 'skrasse' is
ommers 'doorhalen', wat net echt mei ien fan de termen 'remove', 'trash'
of 'shred' oerienkomt.
An3s
More information about the Kde-i18n-fry
mailing list