[Kde-i18n-fry] Frysk pangram

Andries Annema an3s_annema at planet.nl
Mon Feb 7 17:44:26 CET 2005


Minsken,
 
Yn it Ingelsk wurd de sin ‘The quick brown fox jumps over the lazy dog’
gau ris brûkt as test foar lettertypen en soksoarte dingen. In sin lykas
dizze hyt in pangram, wat safolle ynhâld as dat alle letters fan it
alfabet yn in koarte sin ûnderbrocht binne.
No fûn ik yn kdelibs.po as Frysk ekwivalint de sin ‘Trije bruorren út de
buorren iten hurd read rikke hynsteljirre’, mar hjir misse acht letters.
In syktocht mei google levere my ek net betters op; wol pangrammen foar
oare talen, mar fansels net foar in lytse taal as it Frysk.
Kinne wy wat kreaze pangrammen betinke wêr’t alle 24 Fryske letters
ynsitte?? Ik nim oan dat de diakrityske tekens lykas ‘â’ en ‘é’ der net
yn hoege te sitten, mar at immen in argumint hat dat dat wol moat, dan
hear ik dat fansels graach!
 
 
Groetnis,
 
An3s
-------------- next part --------------
An HTML attachment was scrubbed...
URL: http://mail.kde.org/pipermail/kde-i18n-fry/attachments/20050207/22fab7a2/attachment.html


More information about the Kde-i18n-fry mailing list